Les Fryske identiteit op NHL

27 mrt 2008 - 09:34

Hegeskoalle NHL yn Ljouwert begjint mei lessen Fryske identiteit. Groepen bûtenlânske en Nederlânske studinten sille dan sjen hoe't minsken wenje, wurkje en libje yn Fryslân en wat dat seit oer it Frysk-wêzen.

Ek komme der ekskurzjes nei plakken dy't wichtich binne yn de Fryske skiednis. Sa wurde de Slach by Warns en de Stiennen Man behannele. Yn de takomst wol de NHL útwikselje mei in hegeskoalle yn Hongarije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)