De Harkema wol rotonde
De ynwenners fan De Harkema meitsje har grutte soargen oer in krúspunt oan de râne fan it doarp. Op de krusing Warmoltsstrjitte-Turfloane-Lanfâl barre neffens Pleatselik Belang te folle ûngelokken. Dat soe ûnder oare komme om't der fierstente hurd riden wurdt.
In oplossing dêrfoar soe it oanlizzen fan in minyrotonde wêze, sa fynt Pleatslik Belang.