Wim Stroetinga wer 2e op WK

26 mrt 2008 - 22:13

Wim Stroetinga is op it WK op de baan yn Manchester twadde wurden op it ûnderdiel scratch. Foar de hurdfytser fan Aldeberkeap telde mar ien plak en dat wie it earste. Krekt as ferline jier siet it goud der krekt net yn en waard it opnij sulver. De Wyt-Rus Aleksandr Lisouski bleau nei 15 kilometer in fytslingte foar op Wim.

Earder op de jûn hie Jenning Huizenga fan Frjentsjer ek al sulver wûn op de yndividuele achterfolging.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)