Oerlis oer erfpachtkwestje

26 mrt 2008 - 21:47

In bus fol eilanners hat woansdei yn Den Haach besocht Twadde Keamerleden te oertsjûgjen fan de grouwélige gefolgen fan de ferheging fan de erfpacht. Steatsboskbehear wol de pacht ferheegje omdat se de prizen merkkonform meitsje moatte. Dêrtroch geane de prizen op guon plakken wol sân kear oer de kop.

Nije wike tongersdei bringe de kommisjeleden de kwestje by minister Verburg fan lânbou op it aljemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)