IIshal Ljouwert draait topjier

26 mrt 2008 - 21:42

De iishal yn Ljouwert hat it bêste jier draaid út syn skiednis. Noch net earder bûnen mear as 100.000 minsken de redens ûnder yn de hal. De grutste groei siet yn it skoallereedriden.

Ek kamen der mear groepen te oefenjen op de 220 meter lange baan. De iishal moat wol flink ynvestearje yn in nije iismasine. Dy't der no stiet is hast oan ein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)