Jong Oranje wint fan Estlân

26 mrt 2008 - 20:56

Jong_Oranje hat yn it kwalifikaasjetoernoai foar it Europeesk Kampioenskip yn 2009 yn Sweden mei 3-0 fan Estlân wûn. De ploech fan bûnscoach Foppe de Haan, dy't ek titelferdigener is, sette yn Emmen de Esten maklik oan de kant. Feyenoorder de Guzman skoarde twa kear.

De Haan wie lykwols net tefreden. Neffens him hie Oranje it ferskil folle grutter meitsje moatten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)