Debút arbiter Van der Scheer

Van der Scheer(30) stiet sûnt jannewaris yn de masterklasse.
Skiedsrjochter Bart van der Scheer fan Ljouwert mei freed foar it earst lieding jaan oan in wedstriid yn it betelle fuotbal. It giet om de wedstriid tusken Eindhoven en Emmen.
Van der Scheer(30) stiet sûnt jannewaris yn de masterklasse. Dat betsjut dat hy wedstriden fluitsje mei yn de Earste Divyzje. Nei Steegstra en Diks is Van der Scheer no de tredde Fryske haadskiedsrjochter yn it betelle fuotbal.