Skoalle ûntromme nei gaslek
Alle learlingen fan de lokaasje fan OSG Singelland op de boargemaster Wuitewei yn Drachten binne woansdei haljetrawalje út skoalle helle omdat der in frjemde lucht waarnommen waard. Omdat net dúdlik wie oft it om gas of oar guod gie, waard út foarsoarch it hiele gebou ûntromme.
OSG Singelland en skoallemienskip Liudger diele op de Boargemaster Wuitewei in lokaasje. Der sitte meiïnoar sa'n 400 learlingen.