3 Fryske karatefroulju nei WK

Trije Fryske froulju dogge mei oan it Wrâldkampioenskip karate.
Trije Fryske froulju dogge mei oan it Wrâldkampioenskip karate. It giet om de suskes Sharon en Anouck Bletterman fan Ljouwert en Nathalie Sousa út Stiens. Sy dogge mei oan de dissipline kata foar teams. Kata is in foarm sûnder direkte tsjinstanner dêr't se tsjin fjochtsje. It is in soarte fan skyngefjocht.
De suskes Bletterman en Sousa waarden dit jier tredde op it iepen NK. It WK is fan 2 oant 4 maaie yn Estlân.