Grutte jildpine plysje Fryslân

© Omrop Fryslân
Plysje Fryslân stiet ûnder tafersjoch fan minister Ter Horst fan Ynlânske Saken. De korpslieding sil mei de minister besykje om it finansjele gat te tichtsjen. Der driget by de plysje in tekoart fan twa miljoen euro.
It tekoart komt ûnder oare troch hegere kosten fan de nijbou fan plysjeburo's. Der sil besjoen wurde oft der besunige wurde kin troch minder út te jaan oan bygelyks catering en kantoarpersoniel.