Gjin beammekap by A7 Boalsert

26 mrt 2008 - 10:59

De beammen by de A7 by Boalsert wurde net kapt. Dat hat de ried fan Boalsert tiisdei unanym besletten. Yn plak dêrfan is it nije bedriuweterrein as earste yn Fryslân oanmeld foar it nije projekt 'Bedriuwen yn it grien'.

Boargemaster en wethâlders woene de beammen op 6400 kante meter earder wol kappe. De bedriuwen op it terrein soene dan better te sjen wêze. Mar nei protesten fan de befolking bliuwe de beammen dochs stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)