Skriuwwike: mear bern nedich

© Omrop Fryslân
Der is te min belangstelling foar de Fryske skriuwwike op Skylge. Alle jierren kinne bern fan 10 oant 12 jier yn de maaiefakânsje yn in wike tiid Frysk skriuwen leare.
Oant no ta ha mar 4 skoalbern har opjûn foar de skriuwwike. Ferline jier koe it kamp ek al net troch gean. Foar 1 april moatte der op syn minst 8 nije oanmeldingen binnen komme, oars giet de skriuwwike op 'e nij net troch. Mear ynformaasje: skriuwwike.cjb.net