Mear bankjes by de seedyk

26 mrt 2008 - 10:30

De seedyk is it populêrste plak foar in bankje yn Ferwerderadiel. De gemeente hie in priisfraach útskreaun. De ynwenners mochten oanjaan wêr't sy graach in bankje ha woene. Der wiene 43 reaksjes, 15 minsken woene in bankje op de seedyk ha.

Begjin april sille de bankjes pleatst wurde by Marrum, Ferwert, Hallum en Blije. Ek op 15 oare plakken komme noch bankjes te stean

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)