Keunstwurken oan grins Fryslân

26 mrt 2008 - 10:14

Automobilisten op de sneldyk moat it yn de takomst better opfalle as se Fryslân binnenride. De provinsje wol by de A7 by Drachten en de Ofslútdyk, op de A6 by De Lemmer en by de A32 by Wolvegea markearingspunten meitsje dy't karakteristyk foar Fryslân binne.

Om goeie ideeën te krijen, hat de provinsje in priisfraach útskreaun ûnder foarmjouwers, arsjitekten en keunstners. Der binne 4 jildprizen te winnen fan 3.000 oant 12.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)