100 km te hurd troch Reduzum
In 57-jierrige man út Wurdum is tiisdei syn rydbewiis kwytrekke omdat er hast 100 kilometer yn 'e oere te hurd ried. De man ried op de Oeriselsestrjitwei yn Reduzum 173 kilometer yn de oere, wylst op dat plak mar 80 kilometer tastien is.
De plysje hat it rydbewiis fan de man fuortendaliks ynnommen en fierder ek proses-ferbaal opmakke.