Gemeenten slute enerzjyakkoart

© Omrop Fryslân
Noard-Nederlân moat de enerzjyregio fan Nederlân en Noardwest-Europa wurde. Om dy ambysje wier te meitsjen ha 64 gemeenten út Fryslân, Grinslân en Drinte tiisdei it enerzjy-akkoart foar it noarden tekene.
De gemeenten wolle meiïnoar wurkje oan enerzjybesparring en gebrûk meitsje fan elkoars ûnderfining. De gemeentes Achtkarspelen, Weststellingwerf, Harns en Frjentsjerteradiel hawwe it akkoart net ûndertekene.