Help foar jongere mei psygoaze

© Omrop Fryslân
Fryske jongerein kin fan nije wike ôf spesjalistyske help krije as se in psygoaze krije. Troch foarljochting by húsdokters en leararen wol de GGZ Fryslân mei 80 persint fan alle jongeren mei in psygoaze yn kontakt komme.
In psygoaze lidet der foar jongeren gauris ta achterstannen op sosjaal gebied, mar ek misse se kânsen op wurk, oplieding en wenromte. In nij team folget pasjinten trije jier lang.