Postkantoaren letter iepen

De fiif postkantoaren fan Fryslân geane woansdei letter iepen.
De fiif postkantoaren fan Fryslân geane woansdei nei alle gedachten letter iepen. De meiwurkers fiere mei in lang wurkoerlis aksje tsjin de sluting fan alle 250 postkantoaren fan Nederlân.
Snits, Drachten, Dokkum, Hearrenfean en Ljouwert ha noch postkantoaren. De meiwurkers protestearre tsjin it útbliuwen fan in sosjaal plan by de sluting.