Frou ferwûne by ûngelok

© Omrop Fryslân
In frou (59) út It_Hearrenfean is tiisdei slim ferwûne rekke by in oanriding op de A7 tusken har wenplak en De_Jouwer. By de oanriding wiene meardere auto's belutsen. In frachtauto ried achterop de lêste auto. De frou rekke doe beknipe. De frachtweinsjauffeur waard licht ferwûne.
It ferkear moast oer de flechtstrook omlaat wurde en dat soarge foar in grutte opstopping.