KNVB wol Foppe hâlde

Foppe de Haan
De KNVB wol dat Foppe_de_Haan ek nei syn pensjoen yn tsjinst bliuwt by it fuotbalbûn. KNVB-direkteur Henk Kessler hat de no 64-jierrige De_Haan in nije oanbieding dien. Hy kin bytekenje oant en mei it EK fan Jong Oranje yn 2009 yn Sweden.
Foppe_de_Haan fielt dêr wol foar. Syn kontrakt rint no ôf nei de Olympyske Spelen yn Peking. Jong_Oranje spilet dêr yn augustus. Woansdei spylje se in EK-kwalifikaasjewedstriid yn Emmen.