Seewjirmkwekers socht

25 mrt 2008 - 12:36

It bedriuw Topsy_Baits út Seelân siket boeren oan de Waadkust dy't seewjirms kweke wolle. Neffens it bedriuw is der in grutte groeimerk foar de wjirmsoart, dy't brûkt wurdt om fiskfoer fan it meitsjen.

It foer wurdt brûkt foar it fuorjen fan kweekfisk. It soe in goed alternatyf wêze foar it fiskmoal dat no brûkt wurdt. Dêr wurdt alle jierren noch tonnen fisk foar fongen. Dat hoecht mei it nije systeem net mear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)