Mei drank op tsjin beam

© Omrop Fryslân
In 33-jierrige man út de gemeente Weststellingwerf is moandei yn de Hoeve oanhâlden, omdat er mei drank op tsjin beam riden wie. Doe't de plysje op it plak fan it ûngelok kaam, wie der net ien mear by de auto.
Se hâlden doe in foarbykommende auto oan. Op de stoel njonken de sjauffeur siet in man mei bloed oan de holle. Dy bekende dat hy de bestjoerder fan de oare auto wie. Hy moast op it buro syn rydbewiis ynleverje.