Achterfolging: ynbrekkers pakt

© Omrop Fryslân
De plysje fan Snits hat moandei nei in achterfolging twa manlju út Amsterdam oanhâlden. Dy hiene koart dêrfoar ynbrutsen by twa bedriuwen op yndustryterrein De_Hemmen yn Snits. De plysje wie dêr oer tipt.
De plysje-auto waard fol ramd troch de auto fan de fertochten. In oar plysjeteam koe de manlju net byhâlde om't it ferkear oars yn gefaar kaam. Mei help fan in tsjûge koene de manlju dochs oppakt wurde.