Sollied foar 2 jier nei H'fean

25 mrt 2008 - 10:01

De Noar Trond_Sollied wurdt definityf de nije trainer fan SC_Hearrenfean. Hy folget Gertjan_Verbeek mei yngong fan it nije seizoen op. Sollied (48) tekenet in kontrakt foar twa jier. Hy wurket no noch by AA_Gent.

De namme fan Sollied sirkulearre al in skoftsje, mar Sportclub Hearrenfean woe oant no ta neat sizze oer de nije trainer. Hearrenfean beskôget Sollied as de 'ynternasjonale toptrainer' dy't se sochten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)