Froubuorster bedriuw ferhuzet

© Omrop Fryslân
Kraan- en bulldozerbedriuw Van_der_Woude fan Froubuorren ferhuzet nei Frjentsjer. It bedriuw hat grûn kocht op it nije yndustryterrein by Kie. Oan it Van_Harinxmakanaal komme kantoaren, in wurkplak en in konstruksjehal foar de reparaasje fan de kranen.
Wichtige reden om nei Frjentsjer te gean is de lokaasje oan it wetter. Van_der_Woude krijt hieltyd mear baggeropdrachten. De pontons kinne út Frjentsjer wei better brûkt wurde.