CAO lytsmetaal: goeie reaksjes

25 mrt 2008 - 09:06

De earste reaksjes fan 'e leden op de nije CAO foar de lytsmetaal binne posityf. Dat die tiisdeitemoarn bliken op in byienkomst fan CNV en FNV yn Tivoli yn Ljouwert. De wurknimmers krije der de kommende 22 moannen ûnder oare 6,5 prosint by.

De kommende tiid wurde mear byienkomsten organisearre. Alle leden krije in stimkaart thús dêr't se mei oanjaan kinne oft se ek akkoart gean. Nije aksjes binne fan 'e baan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)