Soad besikers foar wenbûlevaar

24 mrt 2008 - 16:50

It wie moandei tige drok by de Fryske wenbûlevaars. Sa kamen in goede 6000 minsken nei de wenbûlevaar yn Wolvegea. Dat is goed twa kear sa folle as ferline jier. Ek by Resi_Wooncentrum yn Wommels kamen folle mear minsken as oare jierren.

Tusken de 1000 en 1500 minsken kamen dêr moandei tusken de banken en oar meubilêr te sneupen. By Vesta wenbûlevaar op It_Hearrenfean kamen in goede 2200 minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)