Fryske coach by Bocuse d'Or

24 mrt 2008 - 16:32

Sjefkok Marco_Poldervaart fan restaurant De_Gastronoom yn Harns docht mei oan de meast prestisjeuze kulinêre wedstriid dy't der bestiet: de Bocuse_d'Or. Hy wurdt de coach fan kollega-kok Wim_Klerks.

Dy wûn in moanne lyn de Nederlânske finale fan de Bocuse_d'Or en nimt it yn july op tsjin 23 koks yn de Europeeske finale yn it Noarske Stavanger. Poldervaart stiet him dan by as coach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)