Brommobyl te wetter
Twa ynsittenden fan in brommobyl binne snein yn it sikehûs opnaam, neidat se by De_Tynje in sleat ynriden wiene. De bestjoerder, in 33-jierrige ynwenner fan Jobbegea en syn 76-jierrige passazjier út De_Tynje rekken troch it sleatswetter ûnderkuolle.
Der wurdt noch ûndersyk dien nei de oarsaak fan it ûngelok.