FSU: brosjuere oer fergoedings

24 mrt 2008 - 12:14

Minsken mei in útkearing moatte better ynformearre wurde oer de fergoedings dêr't se rjocht op ha. It Friese Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden, FSU, wol dat alle Fryske húshâldings in brosjuere oer de fergoedings thúskrije.

De brosjueres wurde by wize fan pilot earst hûs-oan-hûs yn de Ljouwerter Frijheidswyk ferstjoerd. De regelingen falle ûnder ferskate ynstânsjes, wat it neffens it FSU ûndúdlik makket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)