Deade ûlen troch minne waar

© Omrop Fryslân
Der gean dizze wiken in opfallend soad ûlen dea. Dat komt neffens ûlesaakkundige Johan_de_Jong omdat de fûgels min oan iten komme kinne. De ûlen hawwe nachts by it sykjen nei proai lêst fan de hurde wyn en protten reinwetter.
Neffens De_Jong sil it deagean fan de ûlen gjin grutte gefolgen hawwe foar de langere termyn .Ferline jier binne in soad jonge ûlen útbret.