Nederlân wint kuorbaltoernoai

© Omrop Fryslân
Nederlân is winner wurden fan it Junior World Cup kuorbaltoernoai yn Ljouwert. Yn in spannende finale, sûnder hiel goed spul, waard België mei 9-8 ferslein. Earst yn de lêste minút pakte Nederlân de folle winst. Friezinne Sieta_Bijker (LDODK) makke twa doelpunten.
Ruslân waard tredde yn Ljouwert. De organisaasje, de kuorbalferienings Sparta, Marfûgels en Stânfries, stie as in hûs.