Aris ferliest fan Landstede
De basketballers fan Aris ferlearen sneon kânsleas yn Swolle fan Landstede mei 94-76. De hiele wedstriid rûnen de Ljouwerters achter de feiten oan. Allinnich yn it tredde kwart kaam Aris ticht by de Swollenaren.
Mar de oerwinning kaam foar Landstede net yn gefaar. Peaskemoandei spilet Aris yn de eigen hal tsjin it ûnderoan steande Den_Helder.