Putsjesdei doarpshûs Teridzert

Goed tweintich frijwilligers diene sneontemoarn mei oan de putsjesdei yn en om it doarpshûs De Bult yn Teridzert. De wichtichste wursumheden wiene ûnderhald en himmeljen.
De behearders fan it doarpshûs en de túnman krigen sa wat ekstra help. De frijwilligers litte sa sjen dat se har ferantwurdlik fiele foar har akkomodaasjes.