Frou ferstoarn nei fal út rút
In frou is sneontemoarn út it rút fan har wenning oan de Master Lubwei yn Garyp fallen. Se hat dêrby nei alle gedachten glês yn de nekke krigen, wêrtroch in slachierblieding ûntstie.
Twa ambulânses út Drachten en de Lifelinerhelikopter út Grins kamen op it plak om help te bieden, mar dat wie om 'e nocht. De frou is ferstoarn.