Oanriding troch tefolle drank

23 mrt 2008 - 12:59

In ynwenner fan It Hearrenfean is dit wykein mei syn auto tsjin in parkearde auto riden. Dat die er op it Kattebos yn syn wenplak. Nei de oanriding bedarre de man mei syn auto yn de bjirm, dêr't er op 'e sydkant ta stilstân kaam.

Ut in blaasproef die bliken dat de man tefolle dronken hie. Tsjin him is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)