Auto yn 'e brân op De Jouwer

23 mrt 2008 - 12:56

De plysje ûndersiket in brân yn in auto, dit wykein yn de Pastoryleane op De Jouwer. De plysje hâldt der rekken mei dat de brân oanstutsen is.

It fjoer ûntstie oan de foarside fan de auto. De brânwacht moast deroan te pas komme om it fjoer út te meitsjen. De auto is fan in 49-jierrige frou fan De Jouwer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)