Kompleet Frysktalige hiphop-cd

23 mrt 2008 - 12:50

De earste folslein Frysktalige hiphop- cd is in feit. De cd is makke troch rapper MC Remon) fan It Hearrenfean. Hy is bekend fan tv-programma Faktor Freed op Omrop Fryslân.

Syn fideoklips en filmkes binne te sjen op de nasjonale stjoerders. Remon rapt al sûnt 1995 yn it Frysk. Fan 25 maart ôf is de cd 'Friesstyle' te keap yn platesaken en op ynternet. De CD wurdt Peaskemoandei op Aaipop presintearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)