Befrijingsfestival by Aldehou

23 mrt 2008 - 12:41

Op 5 maaie stiet it haadpoadium fan it Befrijingsfestival wer by de Aldehou. Trije jier lang wie de Arendstún de lokaasje foar it festival, fanwege de bou fan de parkeargaraazje by de Aldehou.

De Prinsetún bliuwt it domyn fan it bernefestival. De befrijingsmerk en it debat binne op de Grienewei, lykas in nij konsept: it plein fan de frijheid. It tema fan dit jier is 'frijheid en solidariteit'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)