Daphne Schrama bêste solist

23 mrt 2008 - 08:28

Daphne_Schrama hat sneon it solistekonkoers foar blazers en slachwurkers fan it Kristlik Bûn foar Muzykferienings yn Fryslân wûn. Schrama krige foar har bydrage op klarinet 92 punten fan de sjuery.

Achter Schrama einigen Reine_Hibma mei 90,5 punten en Annemarije_Zondervan en Hendrik_Marinus mei 90 punten. It konkoers waard hâlden yn Ljouwert. Der dienen 45 muzikanten oan mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)