Alex Pastoor fuort by H'fean

22 mrt 2008 - 22:53

Alex Pastoor, assistint fan trainer Gertjan Verbeek by Hearrenfean, moat op syk nei in nije club. It kontrakt fan Pastoor rint nei dit seizoen ôf. De direksje fan de Feansters hat oanjûn net mei Pastoor fierder te wollen. Earder waard al bekend dat de oare assistint, Hans Visser, nei dit seizoen op eigen fersyk fuortgiet.

It wachtsjen liket no op de komst fan de Noar Trond Sollied en syn assistint Chris van Puyvelde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)