Flyers wer net kampioen

De iishockeyers fan de Flyers hawwe it kampioenskip wer ferspile. Yn de fjirde wedstriid tsjin Tilburch waard nei ferlinging mei 3-2 ferlern. Dêrmei kaam de stân yn it kampioenskip op in beslissende 3-1 foar de Tilburgers. Sy binne dus wer lânskampioen.
De earste twa perioades eindigen op 0-0. Yn de tredde perioade waard it 2-2. De Flyers kamen twa kear werom fan in efterstân. Yn de ferlinging skoarde Tilburch as earste.