Spektakulêre winst H'fean: 4-3

Sc Hearrenfean wûn sneon mei 4-3 fan Roda JC. Yn in spektakulêre wedstriid stienen de Feansters by it skoft mei 3-1 efter. Bradley makke de goal foar Hearrenfean.
Yn de twadde helte kaam Hearrenfean binnen 16 minuten op in foarsprong fan 4-3. Goals wienen der fan Paulo Henrique, Roy Beerens en wer Michael Bradley. Yn de slotfaze krigen beide ploegen noch kânsen, mar waard der net mear skoard.