Bestelauto yn 'e brân

It baarnende buske
De grutte dyk by Grou hat sneontemiddei in skoftsje ôfsletten west omdat der in auto yn 'e brân stie. Oan it begjin fan de middei fleach de bestelauto fan in hoveniersbedriuw út Raerd yn de brân.
De ynsittenden koene der sûnder ûngemakken útkomme. De brânwacht út Snits hat de brân dwêsten. Ien baan fan de dyk hat ôfsletten west. Hoe't de brân ûntstien is, is net bekend.