Fertraging bestellings Blaauw

22 mrt 2008 - 13:44

Minsken dy't de ôfrûne wiken meubels, matrassen of gerdinen besteld ha by Blaauw Woonidee yn Jobbegea, moatte mooglik langer op har bestelling wachtsje. Ofrûne woansdeitejûn binne 2 frachtauto's fan it bedriuw stellen.

Ek is der yn de winkel ynbrutsen. De frachtauto's waarden freed werom fûn yn Harmelen by Utrecht, mar de ynhâld wie poater. Eigner Andries Keuning wol de dupearren sa folle mooglik temjitte komme troch mei foarrang te bestellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)