Oanpak parkearoerlêst Kollum

22 mrt 2008 - 12:58

De plysje sil de parkearoerlêst yn it winkelgebiet fan Kollum oanpakke. Oanlieding binne klachten oer it parkeargedrach fan automobilisten.

De plysje sil earst allinnich warskôgje. Fan 3 april ôf krije foutparkearders in boete fan fyftich euro. De plysje wol sa de oerlêst foar foaral helpferlieners, fuotgongers en winkellju beheine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)