Ungelokken troch glêdens

22 mrt 2008 - 12:51

Op de grutte diken yn Fryslân ha freedtemiddei meardere ûngelokken west troch glêdens nei hagelbuien. Dêrby rekke ien autobestjoerder ferwûne.

Op de A7 by Aldehaske rekke in 31-jierrige Lemster mei syn auto yn 'e slip. Hy kaam tsjin de fangrail ta stilstân. Hy moast mei de ambulânse nei it sikehûs brocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)