Nije site Beleef Friesland

22 mrt 2008 - 11:25

De belangrykste toeristyske website fan Fryslân - beleeffriesland.nl - is fernijd. Op de site stean mear filmkes en kaarten. Ek binne de mooglikheden foar it boeken fan bungalows, hotels en kampings útwreide.

De website beleeffriesland.nl is trije jier lyn úteinsetten en der ha oant no ta 1 miljoen minsken op sjoen. Fryslân Marketing tinkt dat de nije website oer twa jier wer fernijd en oanpast wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)