Stripboek Wilkens presintearre

22 mrt 2008 - 10:13

Sjonger Piter Wilkens hat freedtejûn yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert in cd en stripboek presintearre. De teksten fan 20 nûmers fan Wilkens binne omset yn in stripferhaal yn de rige 'Getekend' fan útjouwerij Artemis.

Earder waarden al teksten fan singer/songwriters lykas Robert Long en Ede Staal omset yn stripfoarm. It earste stripboek fan Wilkens waard oerlange oan kommissaris Nijpels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)