CAO-akkoart yn lytsmetaal

22 mrt 2008 - 09:28

De wurkjouwers en de bûnen yn de lytsmetaal ha oerienstimming berikt oer in nije CAO. De wurknimmers krije der de kommende 22 moannen ûnder oare lean by: per 1 april 3,5 prosint en per 1 febrewaris 2009 3 prosint.

De ôfrûne fjouwer wiken waard op in grut tal bedriuwen yn de lytsmetaal aksje fierd. De nije CAO wurdt de kommende tiid foarlein oan de leden. Salang komme der gjin nije aksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)